En op slach wie'k ferlern
Ferbline
Troch it readste read flewiel
Lei sykjen yn 't ferline
Waarden wy ta ien gehiel
We lienden ús letters
We setten ús sinnen
We joegen ús wurden
Se stienen swart op wyt
Op oant dat de dea
Op ek dêrnei noch
Op ivich rimen wy
Wy rimen oant de ein ta troch
Wy rimen nea foarby
We lienden ús letters
We setten ús sinnen
We joegen ús wurden
Se stienen swart op wyt
Mar dyn styl bliek fiksje
Net mear as in mearke
Foar my leit sletten dyn ferhaal
En ik fiel it read flewiel
En ik slach it stikem iepen
En ik blêdzje en blêdzje
Troch tûzen lege siden
Wa fertelt my wa't ik bin
We lienden ús letters
We setten ús sinnen
We joegen ús wurden
Se stienen swart op wyt
Se stienen swart op wyt
Se stienen swart op wyt